Geastlike besetting

Geastlike besetting is in oantsjutting foar it leauwe dat geasten, demoanen of goaden besit nimme kinne fan it lichem fan in minske (of bist). De besettende geast kin dan bepale wat de oangeande persoan docht en seit, wat ta fersteuring fan it normale hâlden en dragen liede kin. In minder fiergeande foarm fan geastlike besetting is 'bûnens', wêrby't de oangeande persoan net beset wurdt troch de geastlike entiteit, mar der dochs yn beskate mjitte troch beynfloede wurdt. It bestean fan geastlike besetting spilet in rol yn in grut tal godstsjinsten, wêrûnder it kristendom, it boedisme, it hindoeïsme, de islaam, voodoo, wicca en natoerreligyen út Súdeast-Aazje, Afrika en de Amearika's. In wittenskiplik ûndersyk út 1969, dat útfierd waard troch it Amerikaanske National Institute of Mental Health, wiisde út dat geastlike besetting ûnderdiel is fan 74% fan 'e ûndersochte 488 kultueren út alle wynstreken fan 'e wrâld. De moderne wittenskip erkent it bestean fan geastlike besetting net, mar is ynstee fan miening dat it yn gefallen dy't dêrfoar oansjoen wurde oer it algemien giet om lju dy't lije oan geastlike sykten lykas skizofreny of psychopaty, of oan lichaamlike oandwanings as epilepsy of it syndroom fan Down.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search